Jonge swaait mei wapen

© Omrop Fryslân
De plysje krige sneontemiddei in melding dat op in brêge tusken de Trisken en de Postleane yn Drachten in jonge mei in wapen stie te swaaien. De jonge, in 14-jierrige ynwenner fan Drachten, is tegearre mei in 16-jierrige freon út Drachten, oanholden troch de plysje.
Even letter waard yn de wenning fan de 14-jierrige in op echt lykjend pistoal fûn. It pistoal is ynnaam, de fertochten binne nei it buro brocht.