Fjochterij yn Harns

© Omrop Fryslân
De plysje moast sneintemoarn twa groepen út inoar helje op de Foarstrjitte yn Harns. De groepen hiene rúzje en der waard oer en wer slein. Seis plysjes koenen, nei wat lûk- en triuwwurk, de groepen yndied skiede. Der binne 2 oanhâldings dien.
In 17-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is oanholden foar mishanneling en mislediging. In 27-jierrige Harnzer is oanholden om't er net fuortgean woe. It bleau noch in skoft ûnrêstich.