SC Hearrenfean oppermachtich

Pranjic en Sulejmani lokwinskje Beerens mei syn goal (foto Martin de Jong)
SC Hearrenfean spile sneontejûn Vitesse fan it fjild. It waard mar leafst 7-0 foar de ploech fan trainer Gertjan Verbeek. Nei in prachtich begjin - doelpunten fan Sulejmani en Pranjic binnen it kertier - hie de thúsploech in mindere perioade.
Nei it skoft gong it wer mei wynkrêft 8 oer it fjild. Bradley, Zuiverloon, Beerens (2x) en Prager wiene de doelpuntemakkers nei moai kombinaasje- fuotbal of yndividuele aksjes.