Oanhâldings yn Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemoarn betiid twa manlju oanhâlden yn de Lijsterstrjitte yn Drachten. It giet om 19-jierrige man sûnder fêst wenplak en in 23- jierrige ynwenner fan Aldeboarn.
De plysje seach dat de se út it portyk fan in flat kamen en nei in oare flat giene. Se hiene ynbrekkersark by har. Dat is net tastien yn de nacht en dêrom binne se oanhâlden en oerbrocht nei it buro. De 19-jierrige hie ek noch in wikkel speed by him.