Cambuur sjit neat op mei punt

© Omrop Fryslân
Sportklub Cambuur hat freedtejûn mei 1-1 lykspile tsjin FC Zwolle. Beide goals foelen yn de twadde helte. Zwolle kaam op foarsprong troch in goal fan Derk Boerrigter. Twa minuten foar de ein skeat Koen Brack Cambuur út in frije traap op likense hichte.
Mei it punt sjitte de Ljouwerters net in protte op. De fiifde perioade kin út de holle setten wurde en op de ranglist stiet Cambuur op it 17e plak.