Nije regels foar oanbesteging

de provinsje komt mei nije regels foar it oanbesteegjen fan projekten
De provinsje komt mei nije regels foar oanbestegingen. By de oanbesteging fan it tydlike provinsjehûs gie dat mis. It foarige kolleezje wist te min oer de betingsten fan de hier fan it tydlik ûnderkommen. Amtners koenen nei eigen ynsjoch kontrakten slute.
No moat by opdrachten boppe 45.000 euro trije offertes oanfrege wurde. Lytsere opdrachten wurde makliker om te gunnen. Sa moat it papierwurk minder wurde.