Riedsleden te lang fan stof

© Omrop Fryslân
De gemeenteriedsleden fan Ljouwert binne te lang fan stof en moatte folle mear mei elkoar debattearje.
It binne mar in pear fan de 47 oandachtspunten dy't de Burgervisitatiecommissie moandei presintearre oan de ried fan Ljouwert. Doel is om it riedswurk oantrekliker en begrypliker te meitsjen foar de boargers. Dy binne net belutsen by de gemeentepolityk en dat leit foaral oan it optreden fan riedsleden sels.