Waadferiening lulk op Harns

© Omrop Fryslân
Neffens de Waadferiening hat de gemeente Harns plannen foar in wynmûnepark yn 'e Waadsee. Dat soe sa fier mooglik de see yn komme moatte om it útsjoch net te bedjerren. Direkteur Hidde van Kersen fan 'e Waadferiening fynt it idee te gek foar wurden.
Wurdfierder Corporaal fan de gemeente Harns lit yn in reaksje witte dat der hielendal gjin sprake is fan in wynmûnepark yn 'e Waadsee.