Frysk agrarysk kennissintrum

Fryslân moat posysje net ferlieze
Fryslân krijt in kennissintrum dêr´t nije saken foar de agraryske sektor betocht wurde moatte. It is giet om in initsjatyf fan Fryske bedriuwen, de Keamer fan Keaphannel, de provinsje, it Van Hall ynstitút en de Rabobank.
De alliânsje is needsaaklik om´t neffens de initsjatyfnimmers Fryslân de foarsprong op it mêd fan de melkfeehâlderij driget te ferliezen. In soad fan de hjir ûntwikkele kennis ferdwynt no út Fryslân.