Reedrydtrofee foar Sven Kramer

Noarske ûnderskieding foar Kramer
Yn Hamar is sneon de oscar foar reedriders, de Oscar Mathisen Trofee, útrikt oan Sven Kramer. De 21-jierrige Feanster krige de ûnderskieding fanwege syn útsûnderlike prestaasjes yn it seizoen 2006-2007.
Kramer waard ûnder mear Europeesk- en wrâldkampioen allround, ferovere de wrâldtitel op de 5 en 10 km en ried inkele wrâldrekords. Hy is de tsiende Nederlanner dy't de trofee krijt.