Alves set arbitraazje AZ troch

© Omrop Fryslân
It oerlis tusken AZ en Afonso Alves oer it al of net jildige kontrakt dat de spits by de klub hawwe soe hat neat opsmiten. Alves hat dêrom besletten om de arbitraazjesaak tsjin AZ, dy't tongersdei noch oanhâlden waard, troch te setten. De arbitraazje sil no moandei tsjinje by de KNVB yn Zeist.
Advokaat Pim de Vos fan Alves is teloarsteld yn AZ. Neffens him leit AZ dwers om meiprofitearje te kinnen fan in mooglike transfer nei Ingelân.