Gemeente 'sunich' mei amtners

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen hat yn fergelyk mei oare gemeenten net folle amtners yn tsjinst. Dat docht bliken út ûndersyk fan Bureau Berenschot ûnder 53 gemeenten yn Nederlân mei 15.000 oant 30.000 ynwenners.
By Achtkarspelen wurkje 200 amtners. Dat binne der 22 minder as ferlykbere oare gemeenten. Achtkarspelen hat mear personiel yn lege leanskalen en minder mei in heech salaris. Dat skeelt 1,3 miljoen euro yn leankosten.