Hearrenfean - VVV: 5 - 1

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn mei 5-1 wûn fan VVV-Venlo. De Feansters steane nei dizze oerwinning mei 37 punten op it fjirde plak.
Michael Bradley skoarde nei goed 20 minuten de earste goal. Miralem Sulejmani makke de 2-0. Yn de 39ste minút foel de 3-0 fan Jacob Poulsen. Nei de rêst wiene Gerald Sibon en Danijel Pranjic de Feanster skutters, Pranjic skoarde mei de holle. Sandro Calabro die foar VVV wat werom.