Wâldweikonstruksje mear brûke

Ferd Crone
De ferdûbeling fan de Wâldwei is in sukses wurden troch goede gearwurking tusken oerheid en boubedriuwen. Dizze konstruksje hat derfoar soarge dat de dyk minder djoer waard as begrutte. Ek wie it wurk earder klear as tocht.
Sa'n konstruksje soe faker dien wurde moatte. It Ryk hâldt dat tsjin om't it te traach wurlet om't der tefolle oerstallige regels binne. Dy krityk hat de Ljouwerter boargemaster Crone. It leit net oan de provinsje, seit er.