Famke ferwûne nei oanriding

© Omrop Fryslân
In famke (15) is sneontejûn yn Aldegea (Sm.) ferwûne rekke yn it gesicht nei in oanriding. De dieder is nei de botsing útnaaid. It famke fytste op de Buorren yn har wenplak. Se waard oanriden troch in reade bestelauto dy't fan de ferkearde kant de ienrjochtingsstrjitte ynried.
It famke kaam op de motorkap telâne, mar de bestjoerder kearde de auto en naaide mei hege snelheid út, sûnder nei it slachtoffer om te sjen.