Jenny Wolf wint 500 meter

© Omrop Fryslân
De Dútske Jenny Wolf hat de earste 500 meter op it wrâldkampioenskip sprint op it keunstiis fan Thialf wûn. Se die dat yn in nij baanrekord: 37,64. Annette Gerritsen waard twadde yn 38,36 en de Koreaanske Sang-Hwa Lee tredde yn 38,46.
Wâldkampioene 2007 Anni Friesinger waard sânde yn 38,70. De oare Nederlânske froulju moasten tajaan: Marianne Timmer waard 8ste, Ireen Wüst 19e en Paulien van Deutekom 21ste.