Noch gjin goeie tips oer dowen

It hok dêr't de dowen út ferdwûnen
Noch net ien brûkbere tip is binnenkaam oer de 78 stellen dowen fan Jacob Poortvliet fan Surhuzum. Der ha wol minsken belle om te melden dat se dowen sjoen ha, mar dêr sieten dy fan Poortvliet oant no ta net by.
By Poortvliet waarden begjin dizze moanne 78 djoere dowen stellen. De dowemelker fertinkt in ynternasjonale binde fan de dieverij. Hy hat tsientûzen euro beskikber steld foar de tip dy't nei de dieders liede kin.