Bewenners werom nei brân

It appartemintekompleks yn 'e Grutte Tsjerkestrjitte
De measte bewenners fan it appartemintekompleks yn 'e Grutte Tsjerkestrjitte yn Ljouwert kinne nei de brân fan woansdeitejûn al werom nei hûs. By de brân rekke in frou fan 53 jier slimferwûne. De frou wenne yn it Alde Kleaster ûnder begelieding fan Zienn, it eardere SMO De Terp.
Der wiene de lêste tiid klachten oer de frou. Bewenners hawwe dêr melding fan makke by ferhierder Woon Friesland, mar dy hat net yngrypt.