Chatte mei amtners provinsje

De chatfone fan 'e provinsje Fryslân
De provinsje hat syn webside útwreide. Op de side kinne no ek in tal fergunnings en subsydzjes oanfrege wurde. Boppedat kin der chat wurde mei meiwurkers fan de provinsje.
De provinsje tinkt dat it foar Friezen makliker is om kontakt mei amtners te sykjen oer de chat as oer de telefoan. Chatte is neffens de provinsje leechdrompeliger. Omdat der by chatte rjochtstreekse kontakten binne, krije fragestellers ek earder antwurd.