Acht rydbewizen ynnaam

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei op de Ofslútdyk by Koarntwertersân acht rydbewizen yn beslach naam yn ferbân mei te hurd riden.
Der wiene twa automobilisten dy't út kamen op in snelhyd fan 137 km, wylst 70 km tastien is. De oare automobilisten dy't it rydbewiis ynleverje moasten kamen út op snelheden tusken de 121 en 134 km. Der waard kontrolearre mei in lasergun.