Bushalte Drachten populêr

© Omrop Fryslân
De bushalte op it Van Knobeldorffplein yn Drachten stiet yn de top tsjien fan de meast opfrege bushaltes by in grut lanlik ynformaasjenûmer foar it iepenbier ferfier. It giet dan om it 0900 nûmer fan de Reisinformatiegroep.
Allinnich oer it Rotterdamse Zuidplein waard faker belle, wêrmei't Drachten dus op it twadde plak einige is. Op it ynternet stiet Drachten op it tsiende plak. Ferline jier binne 78 miljoen reisadvizen jûn troch de groep.