Rap rjocht mei Ald en Nij

"Rap rjocht mei Ald en Nij"
Plysje en Iepenbier Ministearje wolle dat minsken dy't takom jier mei Ald en Nij plysjes of helpferlieners oanfalle, gau bestrafte wurde. It saneamde 'snelrecht' waard tongersdei bekend by de presintaasje fan 'e jiersifers fan de Plysje Fryslân oer it jier 2007. Ut 'e sifers docht bliken dat it tal oanjeftes fan iepenlik geweld tsjin persoanen minder wurden is. Tsjin plysjes is de yntimidaasje tanaam.