Dantumadiel: minder APV-regels

"Dantumadiel: minder APV-regels"
B en W fan Dantumadiel wolle 45 regels út de algemiene pleatslike feroardering helje. It giet om saken lykas fergunnings foar strjitfeesten, barbecue's, beammen delhelje op it eigen hiem en hûs-oan-hûs-ferkeap. It kolleezje fynt regels foar sokke saken yn 'e APV oerstallich.
As der no noch wol in fergunning oanfrege wurde moat, dan wurdt dy foar ûnbepaalde tiid takend. De ried moat noch wol te set oer de nije APV.