Anneke Douma: cd stellen

It earste eksimplaar fan de nije cd fan Anneke Douma is stellen. Se krige de cd it ôfrûne wykein yn De Harmonie yn Ljouwert fan Klaas Jansma. Se lei him yn 'e klaaikeamer, dêr't er troch in ûnbekende meinaam is.
De cd hat in wearde fan in pear hûndert euro, mar it giet Anneke Douma benammen om de emosjonele wearde. Mocht de cd oer in pear dagen net werom wêze, dan wurdt oanjefte fan de stellerij dien by de plysje.