Jonge oertreders nei Halt
Dit jier binne 70 minsken yn Fryslân oppakt foar oertredings mei fjoerwurk. Sa'n 40 dêrfan binne trochferwiisd nei buro Halt. De oaren moatte nei de rjochter om't de oertredings te swier binne foar Halt of om't de dieders âlder as 18 binne.
By it Haltburo komme jonge oertreders dy't licht fjoerwurk ôfstutsen ha op in tiid of plak dêr't it net mei. De straf bestiet út skjinmakwurk en in learstraf.