Jonge seehûnen op Gryn

© Omrop Fryslân
Op it ûnbewenne eilân Gryn tusken Harns en Skylge binne ôfrûne wike foar it earst jonge grize seehûnen berne.
Frijwilligers fan Natuurmonumenten hawwe yn elts gefal seis jonge bisten sjoen. Nei alle gedachten binne de folwoeksen seehûnen yn novimber troch in hege wetter fan Flylân nei Gryn ferdreaun. Op it ûnbewenne eilân kinne de seehûnen harren jongen yn alle rêst grut bringe, want it eilân is net tagonklik foar minsken.