Mear stipe foar Fryske Tsjerke

troch de tsjerke fan Wier hat de Stifting Alde Fryske Tsjerke mear stipers krigen
It ledetal fan de stifting Alde Fryske Tsjerken is dit jier mei 130 minsken tanaam. Der binne no goed 3500 leden. Der wie in kampanje om nije stipers te winnen. Ek it omtinken foar de tsjerke fan Wier yn in restauraasjeprogramma fan de Avro op televyzje hat soarge foar nije leden.
It doel is om nochris 2500 nije leden by de stifting te krijen. Earder hie de stifting sa'n 6000 stipers.