Fernielings De Gordyk oplost

fernielde lantearnpeal
De plysje op De Gordyk hat mei de oanhâlding fan fjouwer ynwenners fan De Gordyk in grut tal fernielings yn it doarp oplost.
De jongeren fernielden ûnder oaren 50 ljochtmêsten. It plan wie om De Gordyk yn it donker te setten. Fierders wiene der fernielings yn in winkelpassaazje en smiten de fertochten ruten yn by it plysjeburo en in basisskoalle. It skeabedrach is sa'n 15.000 euro.