Agressive stappers oppakt

Trije manlju út Mantgum, Jorwert en Jellum binne yn de nacht fan tongersdei op freed oanhâlden. Se woene net yn de rige stean om in kroech yn te kommen. De portier liet se der dêrom net yn. De manlju fernielden doe in úthingboerd en smieten fytsen nei omstanders. In foarbygonger rûn in klap op.
Doe't de plysje se oanhâlde woe, waarden de trije agressyf. Se binne meinaam nei it buro en opsletten.