Jild Suderseeline net ferdield

© Omrop Fryslân
Der is noch hieltyd gjin definityf akkoart oer de ferdieling fan it jild dat it Noarden krijt as kompensaasje foar it net trochgean fan it Suderseespoar.
It is net slagge om mei minister Eurlings ôfspraken te meitsjen oer de krekte ynfulling fan it pakket. Neffens deputearre Adema giet it om details en wurdt de saak yn jannewaris beklonken.