Untwerp Marne College klear

© Omrop Fryslân
It ûntwerp foar de nijbou fan it Marne College yn Boalsert is klear. It nije skoalgebou komt neist de besteande skoalle oan de Gysbert Japicxleane. Learlingen fan de ûnder- en boppebou fan de vmbo-beropsopleidings sille der les krije.
Neist skoallokalen bestiet in kompleks út twa sporthallen. Oerdei wurde dy brûkt foar gymlessen, jûns kinne de lokale sportferienings der gebrûk fan meitsje.