171 wenten derby yn Hurdegaryp

© Omrop Fryslân
De gemeente Tytjerksteradiel slút tiisdei in gearwurkingsoerienkomst mei in projektûntwikkelder oer de bou fan 171 wenten yn de jongste útwreidingswyk fan Hurdegaryp, it Súd.
By in konsuminte-ûndersyk die bliken dat 400 minsken belangstelling hawwe foar in wente yn de nijbouwyk. Yn totaal moatte der 270 wenten komme yn it Súd. Dat leit eastlik fan Hurdegaryp. Duorsumens spilet in wichtige rol by de bou fan de wenten.