SP'er Bashir yn Twadde Keamer

Farshad Bashir: jongste keamerlid út de skiednis
De 19-jierrige Farshad Bashir út Ljouwert wurdt lid fan de Twadde Keamer. Bashir is lid fan de Sosjalistyske Partij en is no noch riedslid yn de gemeente Ljouwert. Hy wurdt neffens de SP it jongste keamerlid ea en it earste keamerlid fan Afgaanske komôf.
Farshad Bashir folget Rosita van Gijlswijk op dy't sneon keazen is as nije ponghâlder fan de SP.