Doarpshûs Gau is ferboud

© Omrop Fryslân
It doarpshûs fan Gau is sneon feestlik weriepene. De ôfrûne moannen hawwe frijwilligers it gebou yn gearwurking mei in boubedriuw alhiel opknapt. It âlde doarpshûs foldie net mear oan 'e easken. De binnenkant is no klear, foar de bûtenkant binne ek al plannen makke.
De gemeente Wymbritseradiel en de provinsje hawwe meibetelle oan 'e renovaasje. De weriepening wurdt dien troch de frijwilligers sels.