Undersyk nei jildpine Caparis

Caparis hat in tekoart op de begrutting en moat op syk nei nije boarnen fan ynkomsten
It bestjoer fan wurkfoarsjenning Caparis hat in ûndersyk ynsteld nei de hannelwize fan de Ried fan Kommissarissen. Caparis hat in tekoart op de begrutting en moat gau op syk nei nije boarnen fan ynkomsten. De Ried fan Kommissarissen hawwe mooglik net op 'e tiid yngrypt.
By Caparis wurkje 2500 minsken út acht Fryske gemeenten. De gemeenten sille de begrutting net goedkarre oant it ûndersyk nei de jildpine klear is.