Jonge út Easterwâlde omkommen

de plysje dwaande mei it ûndersyk op it plak fan it ûngelok
In 16-jierrige jonge út Easterwâlde is tiisdei yn syn wenplak om it libben kaam by in ûngelok. De jonge botste op de Venekoterwei mei syn brommer tsjin in parkearde frachtauto en foel.
Hoewol't de ambulânse der gau by wie, koe de jonge net mear holpen wurde. De plysje siket noch út hoe't it ûngelok krekt barre koe.