Erkenning foar tsiismakkers

de tsiisbuorkerij yn Tynje
De alderearste boeretsiis dy't offisjeel goedkard is troch de Europeeske Uny as Gegarandeerd Tradiotionele Specialiteit komt út 'e Tynje. Anne en Jenny Vogel fan tsiismakkerij De Gelder meitsje al jierren mei súkses echte boeretsiis.
Der drige in ein oan te kommen om't tsiismakker sûnder offisjele erkenning net langer rauwe molke brûke meie. Mar no't it karmerk binnen is, kinne de tsiismakkers wer fierder.