Bisdom soer oer fertrek Eijk

promoasje foar biskop Eijk
It bisdom Grins-Ljouwert hat mingde gefoelens by it fertrek fan biskop Eijk. Eijk is troch de paus beneamd ta nije aartsbiskop fan Utrecht, as opfolger fan kardinaal Simonis.
Eijk wie sûnt 1999 yn funksje yn it bisdom Grins-Ljouwert. Se hiene him dêr leaver noch wat langer hâlden, mar sjoen de kwaliteiten fan Eijk wie te ferwachtsjen dat er frege wurde as aartsbiskop fan Utrecht.