Tekoart heger oplaten driget

© Omrop Fryslân
Der driget in tekoart oan wurknimmers mei in hegere oplieding, wylst it tal banen foar hbo'ers wol tanimt. Dat docht bliken út de jierlikse enkête nei de Fryske ekonomy fan de Keamer fan Keaphannel.
Neist in omsetgroei fan 4,8% is it tal banen yn it ôfrûne jier aardich tanommen. Yn totaal kamen der yn it bedriuwslibben goed 3500 banen by, in grut part yn de saneamde high-tech yndustry en tsjinstferliening.