Einekoai driget te ferdwinen

De polityk moat mear rekken hâlde mei einekoaien by it betinken fan nije bouwplannen. Dat sei sekretaris Stekelenburg fan de lânlike feriening fan einekoaikers moandei by de presintaasje fan in nij skiednisboek oer einekoaien.
Neffens Stekelenburg driget de einekoai folslein út in lanskip te ferdwinen as der gjin aksje ûndernommen wurdt. Yn Fryslân binne der noch mar 15 wurkjende einekoaien.