Aksje troch Plysjeminsken?

Ek yn Fryslân binne plysjeminsken ree om hurde aksjes te fieren foar mear lean. Dat seit plysjeman Henk_Hartgers fan Kollum. Hy is lid fan de ûndernimmingsried en fertsjinwurdiger fan in fan plysje-fakbûnen.
De fakbûnen brutsen freed de ûnderhannelings mei it ministearje fan Ynlânske Saken ôf omdat se it leanbod te meager fine. Moandei is der oerlis oer de aksjes dy't fierd wurde kinne.