Auto te wetter by Boalsert

© Omrop Fryslân
Lâns de A7 by Boalsert is sneintemoarn in Snitser mei syn auto te wetter rekke. Hy riid rjochting Ofslútdyk doe't er by Boalsert romte jaan soe oan in oare auto dy't ynfoege woe.
Op it momint dat de Snitser útwykte nei de ynhelstrook, waard er sels ynhelle. Hy skrok om't de ynfoegende auto al neist him siet. Hy rekke yn de slip en bedarre yn de feart neist de dyk. De trije ynsittenden koene sels út de auto komme.