Famke (12) oanfallen troch man

© Omrop Fryslân
In 12-jierrich famke fan Frjentsjer is tiisdei oanfallen troch in noch ûnbekende man. It famke ried mei de fyts oer de IIsbaanwei. Yn de buert fan de brêge foel de man har oan. Hy skopte tsjin har tsjil oan, wêrtroch it famke fan de fyts ôffoel.
De man skopte har noch in kear en naaide doe út. It giet om in folwoeksen man mei in normaal postuer. Hy hat in keale holle en in lang grys burd oant it boarst.