40.000 euro foar opfang bisten

Diereopfang De Wissel
De opfang fan swalkbisten yn Ljouwert bliuwt in taak fan diereopfang De Wissel. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders besletten. De Wissel krijt dêr alle jierren sa'n 40.000 euro foar fan 'e gemeente.
De diereopfang heint alle jierren mear as bisten op. It giet hjirby benammen om katten, mar der wurde alle jierren ak sa'n 180 hûnen foar koartere of langere tiid opheind by De Wissel.