Bak Nielsen fit foar twastriid

Kristian Bak Nielsen kin oankommende snein nei alle gedachten gewoan yn aksje komme yn de noardlike twastriid tsjin FC Grins. De ferdigener rekke yn de wedstriid tsjin NEC blessearre doe't er tsjin in reklameboerd oanglied.
Neffens fysioterapeut Erik ten Voorde kin de 25-jierrige Bak Nielsen yn de rin fan 'e wike wer mei de groep meitraine.