Hearrenfean nei kwartfinales

Timmi Johansen
Jong Hearrenfean is troch nei de kwartfinales yn it bekertoernoai foar de beloftes. Moandeitejûn waard yn Grins mei 0-2 wûn fan Jong Grins.
Al yn de 4e minút waard it 0-1 troch in doelpunt fan Donovan Deekman en yn de 20e minút wie it op 'e nij raak troch in doelpunt fan Timmi Johansen. Yn de twadde helte wie Hearrenfean ek de bettere ploech. Allinnich oan de ein wie der wat mear druk fan Grins, mar de winst gie nei Hearrenfean.