Sven en Foppe nominearre

Sven Kramer: kandidaat sportman fan it jier (foto Martin de Jong)
Reedrider Sven Kramer is nominearre foar de titel sportman fan it jier. Ek Foppe de Haan is yn 'e race foar in titel. Hy stiet op trijetal foar de titel coach fan it jier.
Kramer nimt it op tsjin hurdfytser Theo Bos en judoka Ruben Houkes. Beide binne krekt as Kramer wrâldkampioen. De Haan, dy't mei Jong Oranje it EK ûnder 21 wûn, hat konkurrinsje fan reedrydcoach Gerard Kemkers en honkbalcoach Robert Eenhoorn.