Basisskoalle op glêsfezelnet

Alle Fryske bassisskoallen moatte binnen trije jier op it saneamde glêsfezelnetwurk sitte.
Dy ambysje spruts deputearre Schokker freed út op bassiskoalle De Parel yn Drachten. De grifformearde skoalle is de earste basisskoalle yn Fryslân dy't sa'n flugge ynternetferbining krigen hat. Neffens Schokker hat in glêsfezelferbining grutte foardielen om mear en better gebrûk te meitsjen fan it ynternet.