Himpkwekerij yn Boalsert

Oan it Grootzand yn Boalsert is tongersdeitemiddei in himpkwekerij oprôle. Yn it appartemint fûn de plysje 285 planten.
De planten en de apparatuer dy't nedich om himp te kweken binne troch ôffalferwurker Omrin ferneatige. De plysje hat noch gjin fertochten oanhâlde kinnen.