Kerssies nije man CDA-Fryslân

© Omrop Fryslân
Harry Kerssies fan Drachten wurdt nei alle gedachten foarearst de foarsitter fan it Fryske CDA. Hy folget Pé Miedema op, dy't earder dizze moanne opstapte nei in tige kritysk rapport oer it net folgjen fan prosedueres by de lêste steateferkiezings.
Kerssies(61) wie earder foarsitter fan it CDA yn Oerisel. Hy leit dy funksje del fanwege syn ferhuzing nei Fryslân. Op 10 desimber kinne de leden harren útsprekke oer de tydlike man.